Kiki fangt in pake

Voor de Friezen onder ons:

"Ik haw in pake of beppe noadlich," seit Kiki. Se sit op it oanrjocht wylst mem de ofwask yn 'e masine docht. Mem sjocht op: "In pake of beppe? Hoesa?" "Oer in pear wike ha wy in pake-en-beppedei op skoalle. Alle bern meie har pake of beppe meinimme. Dy Fertelle dan oer doe't se lyts wiene." Derom giet Kiki op pakejacht. Mei in gefulde koek. Want der binne pakes gek op. Gelukkich fynt se de alderleafste pake fan de wrald. Ien dy't grapkes makket, har ferskes leart, mar ek op har past as se siik is en har helpt as se bang is.

Auteur: Lida Dijkstra

Uitgever Bornmeer ISBN 978 90 5615 214 7